Karbriefwiziging
De oandielhâlder fan in BV en it bestjoer fan in stichting of feriening kinne beslute om it karbrief te wizigjen. Fansels mei soks allinnich as it rjocht om it karbrief te wizigjen troch it bestjoer fêstlein is yn datselde karbrief. Karbriefwizigingen moatte alle kearen fêstlein wurde by de notaris. Wy soargje der ek foar dat it oandielhâldersregister bywurke wurdt en dat wizigingen byskreaun wurde yn it hannelsregister fan de Keamer fan Keaphannel.
Foar it ôfstimpeljen fan oandielen yn in BV (bysûndere karbriefwiziging) jilde spesjale regels. Wy nimme jo dat regelwurk graach út hannen, faak yn gearwurking mei jo akkountant.
Karbriefwiziging trochfiere litte? Belje Sekuer Notarissen.
Wy ynformearje en helpe jo by it wizigjen fan jo karbrief. Alles direkt en helder regele fia ús kantoar. Nim kontakt op foar mear ynformaasje oer in karbriefwiziging.