Wy fersoargje alle notariële famyljesaken.

Wy binne jo notaris foar elk rjochtsmêd, ek foar al jo famyljesaken. Jo kinne foar ynformaasje en al jo fragen oer dy saken by ús terjochte. Wy nimme alle tiid foar jo, tinke mei jo mei, beantwurdzje fragen en lizze yn heldere taal út wat jo mooglikheden binne. Nim kontakt op foar it meitsjen fan in ôfspraak.

Houliksbetingsten

Trouwe? Registrearre partnerskip? Tink goed nei oer houliks- of partnerskipsbetingsten. Wês wach foar't jo yn it houliksboatsje stappe!

Testamint

In testamint meitsje jo op om útsûnderingen te meitsjen op de wetlike regeling. We neame in pear redenen wêrom't it ferstannich is om in testamint opmeitsje te litten.

Gearlibbingskontrakt

Gearlibje? Dan hat de wet hast neat foar jo regele. Stel dêrom in gearlibbingskontrakt op om elkoar (en josels) te beskermjen.

Fâdij

It beneamen fan in fâd kin ûngemaklike en skealike situaasjes foar bern tefoaren komme.

Libbenstestamint

Yn in libbenstestamint lizze jo fêst wêr't jo foar kieze. Foar as jo dat sels net mear uterje wolle of kinne.

Skinking

Belestingfrij skinke kin nijsgjirrich wêze foar sawol âlder as bern. Wy advisearje jo graach.

Neilittenskip

Erfgenamt? Alles oer neilittenskip en ôfwikkeling.

Erfgenamt

Jo kieze oft en hoe't jo de erfenis oanfurdigje wolle: suver oanfurdigje, benefisjêr oanfurdigje of fersmite.

Akte fan ferdieling

Wannear't jo útelkoar gean, likefolle oft jo troud binne of gearlibje, wolle jo jo finansjele saken ek sa gau mooglik skieden hawwe. In notaris kin jo dêrby helpe.

Legalisaasje

Legalisaasje is it bewiis dat de hantekening op it dokumint yndied heart ta de ûndertekener.

Oaren oer Sekuer

“Zeer duidelijk en open, geeft goed advies en heeft zeker verstand van alle zaken. Ik ben erg tevreden met mijn ervaring en raad Mook de notaris zeker aan aan mijn omgeving. Zal ook zeker terug gaan naar deze notaris mocht ik nog eens een notaris nodig hebben.”

- J.Dijkstra

“Myn sus Nynke en ik binne jimme och sa tankber foar alle help die't jimme ús jûn hawwe mei it hommels ferstjerren fan ús heit en koart dernei ús mem. Sûnder jimme help wiene wy net by machte west om yn disse emosjonele situaasje de holle derby te hâlden.”

- Aaltje van der Velde

Columns

Wisten jo dat?

As jo nei 1 jannewaris 2018 trouwe of in registrearre partnerskip oangeane, beskermet de wet jo net automatysk!

Lês mear

Column over erkenning Fan wa bist do er ien?

Erkenning door stiefouders heeft vergaande gevolgen en in beginsel geldt: eens erkend, altijd erkend.

Column over huwelijkse voorwaarden Niks gjin “niks nada noppes”

Als je gaat trouwen of een geregistreerd partnerschap aangaat, dan regelt de wet de financiële “spelregels” van dit huwelijk.