Houliksbetingsten

By in houlik of registrearre partnerskip regelet de wet dat alle besittingen en skulden automatysk fan beide partners binne. Dat wurdt yn de folksmûle 'yn folsleine mienskip fan goed' neamd. Dat feroaret trouwens mei yngong fan 1 jannewaris 2018; fan dy datum ôf kenne we in 'beheinde mienskip fan goed'. Tink derom! As jo nei 1 jannewaris 2018 trouwe of in registrearre partnerskip oangeane, beskermet de wet jo net automatysk mei betingsten! Lit jo goed foarljochtsje wat de nije wetlike regeling foar gefolgen foar jo hat. Is yn mienskip fan goed troud wêzen net winsklik, of binne der praktyske redenen om net automatysk yn alles te dielen, dan stelle jo houliks- of partnerskipsbetingsten op by de notaris.

Wat stiet der yn de betingsten neamd? Yn de houliks- of partnerskipsbetingsten lizze jo fêst hoe't jo troud/registrearre wêze wolle. Wat wolle jo wol en wat wolle jo net diele? De ûndernimmer kin mei betingsten beskerme wurde tsjin skieding en de net ûndernimmer tsjin in eventueel fallisemint fan de ûndernimmer.

Opsjes foar houliks- of partnerskipsbetingsten By it opstellen fan betingsten is der folop karút, it giet der echt om wat jo wolle. Yn grutte halen wurdt faak útgien fan twa ferskate opsjes:

  • Kâlde útsluting - Neat is fan jim tegearre, jim diele gjin besit of skulden. Jim ferrekkenje ek gjin ynkomsten.
  • Beheinde mienskip - Jim bepale sels wat jim diele en wat fan elk apart is.

Wy beprate mei jim de mooglikheden en kieze mei jim de bêste foarm.

Op hokker momint moat ik betingsten opstelle litte?
Om foar te kommen dat jo in houlik of registrearre partnerskip oangeane dat alinne foldocht oan de wetlike regels, moatte de houliks- of partnerskipsbetingsten foar it houlik of partnerskip opsteld en tekene wurde. Meitsje dêrom yntiids in ôfspraak. Binne jo yn mienskip fan goed troud, dan is it ek yn jo houlik of partnerskip mooglik om de mienskip te ferdielen en betingsten opstelle te litten. Ek betingsten dy't al opmakke binne kinne altyd oanpast wurde.

We starte altyd mei in konsept fan de akte, nei goedkarring fan it konsept komme jo del foar in hantekening en wurde de betingsten ek ynskreaun by it houliksgoedregister fan de Rjochtbank.

Sekuer Notarissen helpt jo fierder
Wolle jo mear ynformaasje oer houliks- of partnerskipsbetingsten? Wolle jo dúdlik foarljochte wurde oer de foardielen en konsekwinsjes? Dan binne jo by ús oan it goede adres. Nim kontakt op foar it meitsjen fan in ôfspraak.