Legalisaasje

Legalisaasje is it bewiis dat de hantekening op it dokumint yndied heart ta de ûndertekener. De rol fan de notaris is hjirby frij ienfâldich: wy soargje derfoar dat de identiteit fan de befoege persoan fêststeld is oan de hân fan in identiteitsbewiis, hokker identiteitsbewiis troch ús ferifiearre wurdt.

Legalisaasje by Sekuer Notarissen
Wannear't in notaris of in ynstânsje frege hat om jo hantekening ûnder in beskaat dokumint legalisearje te litten, dan kinne jo dat troch alle notarissen dwaan litte. Dy notaris stelt fêst dat jo it dokumint sels ûndertekene hawwe. Dêrmei wurdt fersekere dat de troch jo sette hantekening op it dokumint, meastal in ferklearring of folmacht, wier jo hantekening is. It oanbelangjende dokumint wurdt ûndertekene op ús kantoar, nea yn 't foar.

Kom lâns foar in legalisaasje
Jo kinne in ôfspraak meitsje foar in legalisaasje, meastal is dat gau yn te plannen.

Oaren oer Sekuer

“Myn sus Nynke en ik binne jimme och sa tankber foar alle help die't jimme ús jûn hawwe mei it hommels ferstjerren fan ús heit en koart dernei ús mem. Sûnder jimme help wiene wy net by machte west om yn disse emosjonele situaasje de holle derby te hâlden.”

- Aaltje van der Velde