Libbenstestamint

It libben kin soms in nare draai nimme. As jo net mear by steat binne om sels medyske en finansjele beslissingen te nimmen, kinne jo mei help fan in libbenstestamint folmacht jaan om dy beslissingen út namme fan jo te nimmen. It libbenstestamint giet yn as immen noch libbet, mar net mear beslisse kin, bygelyks by demintens, in koma of by slim harsenletsel. As winske, kin men de folmachthawwer ek fuortdalik nei it ûndertekenjen fan de akte al folmacht jaan foar eventuele saaklike hannelings.

Wat stiet der yn in libbenstestamint?
Yn it libbenstestamint wize jo in fertrouwenspersoan /folmachthawwer oan. Dy persoan sil neffens jo libbenstestamint jo saken en winsken behertigje. In libbenstestamint bestiet faak út twa parten: in finansjeel/saaklik part en in medysk/persoanlik part. Yn it earste part wurdt ûnder oaren beneamd wa't oer jo bankrekkens beskikke mei, jo fersekeringen en belestingsaken regelje mei ensafuorthinne, en oft hy/sy ek eventuele jeften dwaan mei út namme fan jo. Yn it persoanlike part kinne jo in medysk kontaktpersoan oanwize mei wa't de dokter jo folseline medyske situaasje en jo dossier beprate kin en der wurde saken oangeande sykte en (it staken fan) medyske behanneling yn neamd. Om koart te kriemen wurde de saken yn oanrin nei ferstjerren, dêr't jo mooglik sels net mear oer beslisse kinne, beneamd. Mei in libbenstestamint foarkomme jo dat der ûndúdlikens bestiet oer jo winsken en wa't dêroer beslist.

Wolle jo mear witte oer it opstellen fan in libbenstestamint? Nim kontakt mei ús op. Yn in advyspetear fertelle wy jo mear oer de mooglikheden. We nimme rom de tiid foar jo situaasje.

Oaren oer Sekuer

“Een goed gesprek gehad. De notaris nam de tijd om dingen tot in detail uit te leggen en zorgde ervoor dat ik op mijn gemak was. Ik ben uitstekend geholpen!”

- E.Postma