Neilittenskip

It goed ôfwikkeljen fan in neilittenskip is in yntinsive opdracht. Der moat in soad regele wurde as immen ferstjert. yn de measte gefallen is in besite oan de notaris needsaaklik. Sekuer Notarissen is jo graach fan tsjinst by it ôfwikkeljen fan in neilittenskip.

Wol of gjin testamint
Wy kontrolearje by de ôfwikkeling fan in neilittenskip as earste oft der in testamint makke is troch de ferstoarne. Dêr rieplachtsje we it Sinraal Testaminteregister foar.

Erfgenamten yn kaart bringe
De notaris siket út wa't de erfgenamten binne. Wannear't we alle erfgenamten yn kaart hawwe en elk hat keazen oft er de erfenis al of net akseptearje wol, stelle we in ferklearring fan erfrjocht op. Der wurdt in folmachthawwer oanwiisd troch de erfgenamten, of it moat wêze dat troch de ferstoarne al in eksekuteur beneamd is yn syn testamint.

Erfbelesting oanjaan
Sekuer Notarissen regelet de neilittenskip fan a oant z as soks winske wurdt. Fan betellings dy't (noch) dien wurde moatte, oant de oanjefte fan erfbelesting en it útkearen fan de erfdielen. Dat lêste dogge we nei it opmeitsjen fan de rekken en ferantwurding dy't we oan de erfgenamten foarlizze. Binne jo erfgenamt of wolle jo jo neilittenskip goed regelje litte? Belje ús foar in ôfspraak, wy begeliede jo graach.

Belje ús foar in ôfspraak, wy begeliede jo graach.