Skinking
Der binne ferskate foarmen fan skinken. Meastal skinke âlden oan har bern. Skinke kin mei in echte oerdracht fan jild, mar skinke kin ek 'op papier'. By in skinking op papier wurdt it bedrach omskreaun dat op in beskate datum frijkomt, of by bygelyks ferstjerren.
Foardielen fan skinken
By skinke op papier wurdt oer it bedrach dat op papier 'skonken' is gjin erfbelesting betelle as it bedrach frijkomt. De skinker betellet lykwols wol rinte oer de beskreaune skinking. De ûntfanger krijt dy rinte as ekstraatsje oer de skinking. In tûke wize om wat ekstra fermogen (dêr't gjin belesting oer betelle wurdt) te skinken.
Skinke yn 2024
De Belestingtsjinst jout alle jierren oan hoefolle oft yn it kalinderjier belestingfrij skonken wurde mei. Yn 2024 is dat maksimaal € 6.633,- it bern. Is jo bern tusken de 18 en 40 jier? Dan meie jo ien kear in ferhege belestingfrije skinking dwaan. Yn 2024 is dy belestingfrije skinking €31.813,- Wolle jo oan in oar skinke? Dan is dat maksimaal €2.658.
Skinking foar stúdzje
Folget jo bern in stúdzje dy't mear as € 20.000,- it jier kostet, dan kinne jo ien kear belestingfrij skinke oant in bedrach fan € 66.268,-. By bekostiging fan'e stúdzje moat it bern tusken de 18 en 40 jier âld wêze en oantoane dat de skinking brûkt is foar dat doel. Foar alle skinkingen boppe de neamde bedraggen jildt dat de belestingtsjinst skinkingsbelesting heft.
Skinking fêstlizze by notaris
In skinking op papier moat by de notaris fêstlein wurde. Ek foar oare skinkingen kin dat fan belang wêze, bygelyks as (noch) net alle bern in skinking krigen hawwe, of om foar te kommen dat jo bern by in skieding de skinking diele moat mei de eks-partner. Lit jo ynformearje hoe't jo eventuele skinkingen it bêste ferdiele kinne. Sekuer Notarissen kin jo alle ynformaasje jaan. Meitsje in ôfspraak foar in advyspetear. Nei dat petear witte jo eksakt oft skinken foar jo ynteressant is.