Kavelruil
Foar in kavelruil of grutskalige agraryske projekten binne jo by Sekuer Notarissen oan it goede adres. Us agrarysk spesjalisten Mr. Tineke Castelein en Sigrid Kuikman stean klear om dat fan begjin oant ein foar jo te regeljen.
By in kavelruil moatte op syn minst trije partijen registergoed ynbringe en op syn minst twa fan harren moatte boppedat as ruiler optrede. By fjouwer partijen kin ek ien ruiler folstean.
Foar kavelruil jildt ûnder betingsten in frijstelling fan oerdrachtsbelesting. De frijstelling jildt by it krijen fan grûn en opstallen yn it bûtengebiet, wêrby't de frijstelling oangeande it krijen fan opstallen beheind is ta it krijen fan in agraryske bedriuwswenning en opstallen dy't fierhinne folslein foar de lânbou bedriuwsmjittich eksploitearre wurde. De frijstelling oerdrachtsbelesting jildt as de transaksje bydraacht oan de ferbettering fan it gebiet yn oerienstimming mei de funksjes fan dat gebiet.
Foar wat de agraryske bedriuwswenning oanbelanget jildt ek in termyn fan tsien jier sa't we dy by de lânboufrijstelling yn 'e oerdrachtsbelesting kenne. Ek moat der immen wenje dy't op it agrarysk bedriuw wurksum is.
It meitsjen fan 'e earste opset fan 'e kavelruil, it opstellen fan alle stikken en it úteinlike passearjen fan 'e akte wurde by de útfiering fan in kavelruil allegear troch ús agrarysk spesjalisten fersoarge.
Sekuer Notarissen is Agri-notaris
Ús agrarysk spesjalisten binne lid fan de Vereniging voor Agrarisch Specialisten in het Notariaat (VASN). Sy hawwe har spesjalisearre en binne ferplichte om har jierliks by te skoaljen. Sadwaande is saakkundichheid en aktuele kennis fan Sekuer Notarissen op juridysk en agrarysk mêd in wissichheid.
Agri-notariaat: agrarysk advys en mear...
Yn it boerebedriuw binne mear saken anneks mei it fuortbestean fan in bedriuw as allinnich it lân en/of it fee. Sekuer Notarissen advisearret ek by bedriuwsoerdrachten, houliksbetingsten of partnerskipsbetingsten, testaminten etcetera. Foar de agrariër, syn opfolger(s) en syn neiste famylje binne wy in betrouber, betûft spesjalist.
Kontakt mei Sekuer de Agri-notaris
Wolle jo mear ynformaasje oer agrarysk notariaat? Nim kontakt mei ús op. Wy helpe jo graach fierder, sawol op ús kantoar yn Surhústerfean as by ús loket yn Bûtenpost binne jo fan herte wolkom