Mr. Fransisca Spa
As spesjalist yn it persoane- en famyljerjocht stiet mr. Fransisca Spa as notaris alle dagen minsken by yn bysûndere mominten yn harren libben. Fan trouwe oant rouwe: leaf en leed wurde yn har praktyk mei-inoar dield. Fransisca’s stribjen is om alle oanbelangjende partijen dêrby safolle mooglik rjocht te dwaan en om soargen wei te nimmen. As sertifisearre eksekuteur is se dêrneist spesjalist yn it ôfwikkeljen fan neilittenskippen, in bysûndere taak mei alle kearen wer nije aspekten en belibbenissen.